Begrepen

** AFGELAST ** Lêsber Fryslân on tour

Lezing

Wanneer?

donderdag 26 mrt
om
tijdstip
19:30 - 21:15

Waar?

Bibliotheek Drachten Museumplein 1, 9203 DD, Drachten
Ruimte: Activiteitenruimte

Ald-Drachtster Jelle Krol fan Tresoar is spesjalist Fryske literatuer en fertelt dêr dizze jûn oer yn relaasje ta Drachten. Dêrneist sil de yn novimber beneamde Dichter fan Fryslân Nyk de Vries in sfearfol optreden jaan.

By Tresoar is lêsten de literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân presintearre. Ut de fierte wei liket it in ‘gewoane’ kaart fan Fryslân te wêzen, mei stêden en marren, mar ast tichterby komst, sjochst dat de kleurrike kaart hielendal opboud is út sitaten. Dêr binne net inkeld sitaten by fan Fryske skriuwers, mar ek Nederlânske en sels ynternasjonale skriuwers. De weagen fan de Waadsee besteane bygelyks út kronkeljende sinnen en sels de fjoertuorren op de Waadeilannen binne sichtber. Op de kaart is in ynset fan it sintrum fan Ljouwert  dêr’t yn tal fan boeken faak oer skreaun is.

Op de jûn is de kaart Lêsber Fryslân te keap.